De beboude kom is it troch de oerheid fêststelde gebiet fan stêds- of doarpsbebouwing. De râne fan 'e beboude kom wurdt oanjûn troch de pleatsing fan blauwe ferkearsbuorden (spesifyk saneamde 'kombuorden') dêr't yn wite letters de plaknamme op fermeld stiet. As men út 'e beboude kom wei komt, wurdt de grins dêrfan oanjûn troch sa'n selde boerd mei in diagonale reade streek dertrochhinne.
De beboude kom falt by (lytsere) doarpen yn 'e regel gear mei de buorren. Hoewol't yn it deistich spraakgebrûk de termen 'doarp' en 'beboude kom' trochinoar brûkt wurde, is it eigentlike doarp eins folle grutter, mei't dêr ek it bûtengebiet (de himrik) ta heart. By grutte doarpen en stêden falle yndustrygebieten mei grutte hoeken bedriuwsbebouwing soms bûten de beboude kom.
Binnen de beboude kom jilde op guon mêden oare regels as derbûten. Dêrby moat men yn it foarste plak tinke oan ferkearsregels, lykas de maksimumsnelheid. Dy is yn Jeropeesk Nederlân 50 km/o as it net oars oanjûn stiet (wat gauris it gefal is); op Bonêre 40 km/o, op Sint-Eustasius 30 km/o en op Saba 20 km/o.
Fierders jilde ek foar wyldpisjen en it al of net oan 'e line hâlden fan 'e hûn by it útlitten binnen en bûten de beboude kom ferskillende regels. Boppedat mei men binnen de beboude kom yn 'e regel in leech perseel grûn keapje om der in hûs te setten, wylst dat bûten de beboude kom yn it algemien net (samar) kin. De strange regels dy't Nederlân datoangeande hat, binne yn Belgje ûnbekend, wat dêr laat hat ta in (yn Nederlânske eagen) rommelich en folboud bûtengebiet mei in protte lintbebouwing by de trochgeande wegen lâns.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side. |